Springe nei ynhâld

Subfossyl

Ut Wikipedy
In subfossyl skelet fan 'e dodo (Raphus cucullatus).

In subfossyl wurdt foarme troch de oerbliuwsels fan organismen dy't net folslein fossilisearre binne. Dêrby kin it gean om, bygelyks, bonken, tosken, nêsten of kjitte. De reden foar it feit dat subfossilen gjin fossilen binne, kin wêze dat it te koart lyn is dat it oangeande organisme noch libbe, mei oare wurden: dat it fossilisearringsproses noch net klear is. Mar it kin ek wêze dat der genôch tiid foar fossilisearring ferstrutsen is, mar dat de omstannichheden foar dat proses net optimaal wiene. Sa wurde subfossilen faak oantroffen yn grotten, dêr't se tûzenen jierren goed bliuwe kinne, mar dêr't it fossilisearringsproses tige stadich ferrint.

It wichtichste ferskil tusken in fossyl en in subfossyl is dat in subfossyl noch organysk materiaal befettet dat bleat stiet oan it natuerlike ferrottingsproses, wylst sok materiaal by echte fossilen net mear foarkomt. Foar de paleöntology, de tûke fan 'e wittenskip dy't fossilen bestudearret, binne subfossilen fan bysûnder belang om't it organysk materiaal brûkt wurde kin foar koalstofdatearring en de ekstraksje fan DNA, aaiwiten en oare biomolekulen. Fierders kinne isotopen in protte ynformaasje jaan oer de ekologyske omstannichheden dêr't útstoarne bisten ûnder libben. Sadwaande komme subfossilen goed fan pas foar de stúdzje fan 'e evolúsjeskiednis fan in biotoop en kinne se ek fan belang wêze foar paleoklimatologysk ûndersyk.

Subfossilen komme gauris foar op plakken dêr't in protte sediminten ôfset binne. Ienris ôfset kin de steat fan 'e preservearring fan subfossilen feroare wurde troch natuerkundige en skiekundige ferwaringsprosessen. Lytse subfossilen kinne ek opfretten wurde troch libbene organismen. Subfossilen dy't datearje út it Mesosoïkum (252–66 miljoen jier lyn) binne útsûnderlike seldsum. Dy binne faak yn in fiergeande steat fan ferwurding, wat harren wêzen oantaast. Fan gefolgen binne se iepen foar ynterpretaasje, sadat saakkundigen it der gauris net oer iens wurde kinne. Fierhinne it meastepart fan 'e subfossilen komt út sediminten út it Kwartêr (2,6 miljoen jier lyn oant hjoed).

Foar de restanten fan skulpen fan weakdieren, wêrfan't de skiekundige gearstalling ornaris net folle feroaret oer tsientallen miljoenen jierren, en dy't sels út en troch oer sa'n gigantyske perioade noch har orizjinele kleur behâlde, jilde oare regels as foar oare fossilen. Hoewol't der by skulpen gjin sprake is fan organysk materiaal, wurdt der sprutsen fan 'subfossilen' as se tûzenen jierren âld binne, mar út it Holoseen komme (dat 11.700 jier lyn begûn).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.