Springe nei ynhâld

Dick Button

Ut Wikipedy
Dick Button
sporter
Dick Button (1980)
Dick Button (1980)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Richard Totten Button
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 18 july 1929
berteplak Englewood
stjerdatum 30 jannewaris 2025
stjerplak North Salem
sportive ynformaasje
sport Keunstriden
O.S. Sankt Moritz 1948,
Oslo 1952
karriêre-ein 1952
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x Olympyske Spullen 1948, 1952
Goud grut goud 5x WK 1948, 1949, 1950, 1951, 1952
Sulver grut sulver 1x WK 1947
Goud grut goud 1x EK 1948

Richard (Dick) Totten Button (Englewood, 18 july 1929 - North Salem, 30 jannewaris 2025) wie in Amerikaanske keunstrider. Hy wie de ienigste Amerikaan dy't ea it Europeeske kampioenskip keunstriden wûn hat.

Hy die seis kear mei oan de Wrâldkampioenskippen keunstriden, ien kear oan it Europeeske kampioenskippen keunstriden en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1948 en 1952). Hy waard by dy kampioenskippen fiif kear wrâldkampioen, ien kear Europeesk kampioen en twa kear Olympysk kampioen.

In 1948 die Button mei oan de Europeeske kampioenskippen keunstriden yn Praach, it wie de fjirde en lêste kear dat der dielnimmers fan bûten Europa mei dwaan mochten oan de kampioenskippen. Nei dizze edysje waard dizze mooglikheid út de regleminten skrapt. Dick Button wûn de kompetysje by de manlju en is dêrmei de iennichste Amerikaan ea dy't it Europeeske kampioenskip keunstriden wûn hat. Nei de Olympyske Spullen fan 1952 yn Oslo beëinige Button syn sportkarriêre

Button gie yn 1960 oan it wurk as sportkommentator by de keunstriidswedstriden foar de Amerikaanske telefyzje. Hy boaske yn 1975 mei keunstriidster Slavka Kohout, it pear krige twa bern foar 't houlik op 'e non rûn.
Dick Button ferstoar op 30 jannewaris 2025, yn 'e âldens fan 95 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN