Joaden


VERGASSEN
Joaden yn Fryslân
Al yn de Midsiuwen wennen der joaden yn Fryslân. Guon joadske gemeenten neame Fryslân yn harren martyrologium as goa dêr’t joaden yn 1350 útrûge waarden.

De earste oanwizing foar joaden yn Fryslân is de ynskriuwing fan Israhel Kistemaecker yn it boargerboek fan Frjentsjer yn maart 1539. Nei 1600 begjinne fernijings oer joaden faker foar te kommen. Yn 1634 pachte in David Provana de lienbank fan Warkum en in 1645 hjit it pronvinsjaal betsjoer registraasje fan joaden. Sa binne der noch wol in stikmannich fernijings. Yn de 18e iuw nimt it tal joaden yn Fryslân ta. Schudt seit yn Jüdische Merkwürdigkeiten dat der joaden yn Makkum, Boalsert en Dokkum wenje, mar ek yn Surhústerfean, Noardwâlde en de stêd Frjentsjer wiene hja al ier fêstige. Dizze ymmigranten kamen faak út East-Fryslân en omkriten. Somtiden lei de oerheid beheinings oan de immigranten op, benaud at hja wie foar besmetlike syktes, tanimmende earmoed en ek wol ut oare ekonomyske motiven. Skerpe maatregels waarden lykwols meast net útfierd. De magistraat kaam benammen joadske keaplju mei in fêst wenplak earder yn’e mjitte. Fierderop yn de 18e iuw wurdt de hâlding foar joaden oer noch wat mylder. De Tegenwoordige Staat sprekt dan ek fan de Jood, die alle voorrechten en bescherming als alle andere ingezetenen geniet.
Yn de Frânske tiid wiene de Provisjonele Representanten fan Fryslân by de earsten dy’t har fersetten tsjin it útsluten fan joaden fan de nije boargerlike gelikens, dêr’t it Amsterdamske genoatskip ‘Felix Libertate’ tige wiis mei wie. Yn de 19e iuw bliuwt it tal joaden tanimmen. Yn 1796 binne it der 630 (Ljouwert: 354); yn 1811 1018 (Ljouwert: 615); yn 1830 1555; yn 1879 it maksimum 2203 (Ljouwert:1114). Yn 1930 binne der noch 907 dêr’t nei de Twadde Wrâldkriich noch 120 fan oer bleaune.
Yn de 19e iuw wiene der joadske gemeenten yn Ljouwert, Harns, De Gordyk, Snits, Boalsert, It Hearrenfean, Hylpen en De Lemmer. Yn 1930 wiene der noch seis en yn 1940 noch fjouwer gemeenten. De gemeente fan Ljouwert wie fierwei de grutste en ekonomysk wichtichste, dan folgen de gemeenten fan Harns en De Gordyk. Ljouwert hie fan sirka 1700 ôf de sit fan it opperrabbinaat, faak beset fan mannen dy’t wat te betsjutten hienen, sa as de rabbinen Berenstein, Löwenstamm en Dusnus. De bekende opperrabbyn Samuel Azarja Rudelsheim (1869-1918) hat ek yn Ljouwert stien.
Literatuer
- Siem van der Woude en Sjoerd de Haan, Joods leven in Friesland. Utj. Bornmeer 1995/2010.
Sjoch ek
- Joadske gemeente yn De Gordyk
- Joadske gemeente yn Frjentsjer
- Joadske gemeente Ljouwert
- List fan opperrabinen fan Fryslân
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Joden. |
- Joaden
- Joadendom
- Skiednis fan Fryslân
- Etnyske groep yn Aazje
- Etnyske groep yn Jeropa
- Etnyske groep yn Afrika
- Etnyske groep yn Albaanje
- Etnyske groep yn Algerije
- Etnyske groep yn Andorra
- Etnyske groep yn Armeenje
- Etnyske groep yn Azerbeidzjan
- Etnyske groep yn Bachrein
- Etnyske groep yn Belgje
- Etnyske groep yn Bosnje
- Etnyske groep yn Bulgarije
- Etnyske groep yn Denemark
- Etnyske groep yn Dútslân
- Etnyske groep yn Eastenryk
- Etnyske groep yn Egypte
- Etnyske groep yn Estlân
- Etnyske groep yn Etioopje
- Etnyske groep yn Finlân
- Etnyske groep yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Etnyske groep yn it Feriene Keninkryk
- Etnyske groep yn Frankryk
- Etnyske groep yn Georgje
- Etnyske groep yn Gibraltar
- Etnyske groep yn Grikelân
- Etnyske groep op Guernsey
- Etnyske groep yn Hongarije
- Etnyske groep yn Ierlân
- Etnyske groep yn Irak
- Etnyske groep yn Iran
- Etnyske groep yn Yslân
- Etnyske groep yn Israel
- Etnyske groep yn Itaalje
- Etnyske groep yn Jemen
- Etnyske groep op Jersey
- Etnyske groep yn Jordaanje
- Etnyske groep yn Katar
- Etnyske groep yn Kazachstan
- Etnyske groep yn Kirgyzje
- Etnyske groep yn Koeweit
- Etnyske groep yn Kosovo
- Etnyske groep yn Kroaasje
- Etnyske groep yn Letlân
- Etnyske groep yn Libanon
- Etnyske groep yn Litouwen
- Etnyske groep yn Lúksemboarch
- Etnyske groep yn Lybje
- Etnyske groep yn Lychtenstein
- Etnyske groep op Malta
- Etnyske groep op Man
- Etnyske groep yn Marokko
- Etnyske groep yn Masedoanje
- Etnyske groep yn Moldaavje
- Etnyske groep yn Monako
- Etnyske groep yn Montenegro
- Etnyske groep yn Nederlân
- Etnyske groep yn Noarwegen
- Etnyske groep yn de Oekraïne
- Etnyske groep yn Oezbekistan
- Etnyske groep yn Oman
- Etnyske groep yn Palestina
- Etnyske groep yn Poalen
- Etnyske groep yn Portegal
- Etnyske groep yn Roemeenje
- Etnyske groep yn Ruslân
- Etnyske groep yn San Marino
- Etnyske groep yn Saûdy-Araabje
- Etnyske groep yn Servje
- Etnyske groep yn Sina
- Etnyske groep op Syprus
- Etnyske groep yn Sloveenje
- Etnyske groep yn Slowakije
- Etnyske groep yn Spanje
- Etnyske groep yn Sweden
- Etnyske groep yn Switserlân
- Etnyske groep yn Syrje
- Etnyske groep yn Tadzjikistan
- Etnyske groep yn Tsjechje
- Etnyske groep yn Tuneezje
- Etnyske groep yn Turkije
- Etnyske groep yn Turkmenistan
- Etnyske groep yn Wyt-Ruslân