Dnipro
Dniprodzerzjynsk | ||
Leninavenu | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ukraïne | |
Oblast | Dnjepropetrovsk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 252.100 (2008) | |
Oerflak | 138 km² | |
Befolkingsticht. | 1.831/km² | |
Oar | ||
Stifting | 1750 | |
Offisjele webside | ||
www.dndz.gov.ua |
Dniprodzerzjynsk (Ukraynsk: Дніпродзержинськ; Dniprodzerzjynsk, Russysk: Днепродзержинск; Dnjeprodzerzjinsk) is een stad in Ukraïne, yn de oblast Dnjepropetrovsk. De naam verwijst zowel naar de rivier de Dnjepr als naar Feliks Dzerzjinski, de oprjochter fan de Tsjeka, de earste bolsjewistyske geheime tsjinst. Oant 1936 hjitte de stêd Kamenskoje.
Dniprodzerzjynsk leit oan de rivier de Dnjepr en is feitlik in satellytstêd fan de miljoenenstêd Dnjepropetrovsk. De stêd is bekend fanwege dat Sovjetlieder Leonid Brezjnev dêr berne waard.
Fan 1941-1943 waard Dniprodzerzjynsk troch de Dútske Wehrmacht beset en foar in grut part ferneatige.
Ekonomy
De stêd hat in ferskaat oan grutte yndustry: 57% is metaalyndustry en 17% gemyske yndustry. Dêrfandinne is it ek ien fan de meast fersmoarge stêden yn de wrâld.
De grutte keardaam yn de Dnjepr waard yn 1964 oplevere.
Stedsbyld
-
Otterdokske tsjerke Sint Nikolaas fan 1894
-
Roomsk-katolike tsjerke Sint Nikolaas
-
Teater
-
Gemeentehûs
-
Museum
-
Monumint foar Leonid Brezjnev
-
Monumint Prometheus
-
Monumint Taras Sjevtsjenko
-
Treinstsjon
-
Brêge oer de Dnjepr
-
Wetterkrêftsintrale
Berne
- Leonid Brezjnev (19 desimber 1906 - 10 novimber 1982), lieder fan de Sovjet-Uny
- Ludmilla Arzhannikova (15 maart 1958), Nederlânsk hânbôgesjitster