HTML
Appearance
HTML, folút HyperText Markup Language, is in formele markeartaal, basearre op SGML foar it oanjaan fan de struktuer fan in dokumint mei help fan elementen (tags).
Sa binne der elementen om koppen (<hx>), alynea's (
) en ferwizings (<a>) oan te jaan. Mei 'hypertext' wurdt bedoeld dat behalve tekst ek ferwizings brûkt wurde kinne. Ferwizings of hyperlinks binne ornaris keppelingen tusken dokuminten, de basis fan ynternet. HTML is yn 1991 betocht en ûntwikkele troch Tim Berners-Lee om wittenskiplike dokuminten fan it CERN en Genéve maklik tagonklik te meitsjen.